WEBVTT 00:00:01.959 --> 00:00:05.000 Wy binne tefreden dat wy dy nuveraardige browser binne. 00:00:05.014 --> 00:00:07.616 Wy hawwe net in bylkerich bedriuwslogo 00:00:07.616 --> 00:00:09.594 neist ús namme yn de parse. 00:00:09.594 --> 00:00:11.390 Wy hawwe gjin winstmarzje. 00:00:11.670 --> 00:00:14.394 Wy hawwe gjin hillige rockstjerren dy't wy boppe oaren stelle. 00:00:14.610 --> 00:00:16.100 Wy meitsje net deselde deals, 00:00:16.100 --> 00:00:17.486 tekenje net deselde kontrakten, 00:00:17.486 --> 00:00:18.822 of fûstkje mei deselde minsken, 00:00:18.822 --> 00:00:20.342 as elkenien. 00:00:20.897 --> 00:00:22.960 En dat fine wy allegear bêst. 00:00:23.664 --> 00:00:25.542 Wy binne in groep fan ûnôfhinklik, ynspirearre, 00:00:25.542 --> 00:00:27.290 ûnkonfinsjonele minsken mei passy 00:00:27.290 --> 00:00:29.377 dy't saken in krekt efkes oars oanpakke. 00:00:29.654 --> 00:00:32.310 Dêr't oare bedriuwen de skjinne winst wurdearje kinne, 00:00:32.395 --> 00:00:35.021 wurdearje wy... wel, wearden. 00:00:35.590 --> 00:00:38.916 As de konkurrint beslút om wat te patintearjen, 00:00:38.916 --> 00:00:40.834 stride wy om it frij te krijen. 00:00:41.172 --> 00:00:43.317 En wylst de measte produkten en technologyen 00:00:43.317 --> 00:00:45.215 ûntwikkele wurde efter ôfskoattele doarren, 00:00:45.215 --> 00:00:46.797 binne dy fan ús kultivearre yn iepenheid, 00:00:46.797 --> 00:00:48.749 sichtber foar elkenien. 00:00:48.832 --> 00:00:52.190 Wy hawwe gjin ferplichtingen oan oandielhâlders, partners of eigeners. 00:00:52.316 --> 00:00:54.112 Wy jouwe oars gjin antwurd as jo. 00:00:54.502 --> 00:00:56.460 En wy wurkje net op dy wize om't wy dêr aardichheid oan hawwe, 00:00:56.460 --> 00:00:58.820 alhoewol't it tige aardich is. 00:00:58.922 --> 00:01:00.348 Wy wurkje sa, 00:01:00.348 --> 00:01:03.570 omdat wy tinke dat it sa it bêste is. 00:01:03.570 --> 00:01:05.500 By ús geane prinsipes boppe winst. 00:01:05.519 --> 00:01:08.650 Wy leauwe dat earlikheid boppe geheimhâlding stiet, 00:01:08.767 --> 00:01:11.500 en de mienskip boppe bedriuwsresultaten. 00:01:11.675 --> 00:01:13.898 Wy leauwe dat de minsken mear om it web jaan moatte 00:01:13.898 --> 00:01:15.175 as om it eigendom, 00:01:15.313 --> 00:01:17.067 mear in boarne om noed foar te stean 00:01:17.067 --> 00:01:19.487 as inkeld mar in artikel om te ferkeapjen. 00:01:19.487 --> 00:01:21.138 En wy leauwe foarfêst yn ynnovaasje 00:01:21.138 --> 00:01:25.100 dy't brûkers foaroan, sintraal en gewoan efter it stjoer set. 00:01:25.465 --> 00:01:26.937 Mar it belangrykste, 00:01:26.937 --> 00:01:28.902 wy leauwe yn jo. 00:01:29.086 --> 00:01:31.828 Wy leauwe dat de bêste browser fan 'e wrâld mooglik makke is 00:01:31.828 --> 00:01:33.457 troch technisy, programmeurs, 00:01:33.457 --> 00:01:36.208 ûntwerpers en minsken lykas jo, 00:01:36.208 --> 00:01:39.587 dy't harren tiid, talint, enerzjy en stipe jouwe oan it doel. 00:01:39.587 --> 00:01:41.586 En wy leauwe dat wy mei-inoar, 00:01:41.586 --> 00:01:43.113 mei dit doel yn 'e holle, 00:01:43.113 --> 00:01:46.252 trochgean kinne om te fernijen te'n goede fan elk minske 00:01:46.252 --> 00:01:47.658 en foar ferbettering fan it web. 00:01:47.658 --> 00:01:49.655 Sa dat it foar ivich en altyd 00:01:49.655 --> 00:01:51.492 it grutte doel tsjinnet. 00:01:51.492 --> 00:01:53.990 Wy binne allegearre Mozilla Firefox. 00:01:54.263 --> 00:01:56.321 Wy binne net allinnich in oar soarte fan browser. 00:01:56.588 --> 00:01:59.160 Wy binne in browser dy't in ferskil makket.