Wy binne tefreden dat wy dy nuveraardige browser binne. Wy hawwe net in bylkerich bedriuwslogo neist ús namme yn de parse. Wy hawwe gjin winstmarzje. Wy hawwe gjin hillige rockstjerren dy't wy boppe oaren stelle. Wy meitsje net deselde deals, tekenje net deselde kontrakten, of fûstkje mei deselde minsken, as elkenien. En dat fine wy allegear bêst. Wy binne in groep fan ûnôfhinklik, ynspirearre, ûnkonfinsjonele minsken mei passy dy't saken in krekt efkes oars oanpakke. Dêr't oare bedriuwen de skjinne winst wurdearje kinne, wurdearje wy... wel, wearden. As de konkurrint beslút om wat te patintearjen, stride wy om it frij te krijen. En wylst de measte produkten en technologyen ûntwikkele wurde efter ôfskoattele doarren, binne dy fan ús kultivearre yn iepenheid, sichtber foar elkenien. Wy hawwe gjin ferplichtingen oan oandielhâlders, partners of eigeners. Wy jouwe oars gjin antwurd as jo. En wy wurkje net op dy wize om't wy dêr aardichheid oan hawwe, alhoewol't it tige aardich is. Wy wurkje sa, omdat wy tinke dat it sa it bêste is. By ús geane prinsipes boppe winst. Wy leauwe dat earlikheid boppe geheimhâlding stiet, en de mienskip boppe bedriuwsresultaten. Wy leauwe dat de minsken mear om it web jaan moatte as om it eigendom, mear in boarne om noed foar te stean as inkeld mar in artikel om te ferkeapjen. En wy leauwe foarfêst yn ynnovaasje dy't brûkers foaroan, sintraal en gewoan efter it stjoer set. Mar it belangrykste, wy leauwe yn jo. Wy leauwe dat de bêste browser fan 'e wrâld mooglik makke is troch technisy, programmeurs, ûntwerpers en minsken lykas jo, dy't harren tiid, talint, enerzjy en stipe jouwe oan it doel. En wy leauwe dat wy mei-inoar, mei dit doel yn 'e holle, trochgean kinne om te fernijen te'n goede fan elk minske en foar ferbettering fan it web. Sa dat it foar ivich en altyd it grutte doel tsjinnet. Wy binne allegearre Mozilla Firefox. Wy binne net allinnich in oar soarte fan browser. Wy binne in browser dy't in ferskil makket.