Return to Video

Mozilla Firefox: A Different Kind of Browser

  • 0:02 - 0:05
    Wy binne tefreden dat wy dy nuveraardige browser binne.
  • 0:05 - 0:08
    Wy hawwe net in bylkerich bedriuwslogo
  • 0:08 - 0:10
    neist ús namme yn de parse.
  • 0:10 - 0:11
    Wy hawwe gjin winstmarzje.
  • 0:12 - 0:14
    Wy hawwe gjin hillige rockstjerren
    dy't wy boppe oaren stelle.
  • 0:15 - 0:16
    Wy meitsje net deselde deals,
  • 0:16 - 0:17
    tekenje net deselde kontrakten,
  • 0:17 - 0:19
    of fûstkje mei deselde minsken,
  • 0:19 - 0:20
    as elkenien.
  • 0:21 - 0:23
    En dat fine wy allegear bêst.
  • 0:24 - 0:26
    Wy binne in groep fan ûnôfhinklik, ynspirearre,
  • 0:26 - 0:27
    ûnkonfinsjonele minsken mei passy
  • 0:27 - 0:29
    dy't saken in krekt efkes oars oanpakke.
  • 0:30 - 0:32
    Dêr't oare bedriuwen de skjinne winst wurdearje kinne,
  • 0:32 - 0:35
    wurdearje wy... wel, wearden.
  • 0:36 - 0:39
    As de konkurrint beslút om wat te patintearjen,
  • 0:39 - 0:41
    stride wy om it frij te krijen.
  • 0:41 - 0:43
    En wylst de measte produkten en technologyen
  • 0:43 - 0:45
    ûntwikkele wurde efter ôfskoattele doarren,
  • 0:45 - 0:47
    binne dy fan ús kultivearre yn iepenheid,
  • 0:47 - 0:49
    sichtber foar elkenien.
  • 0:49 - 0:52
    Wy hawwe gjin ferplichtingen oan oandielhâlders,
    partners of eigeners.
  • 0:52 - 0:54
    Wy jouwe oars gjin antwurd as jo.
  • 0:55 - 0:56
    En wy wurkje net op dy wize
    om't wy dêr aardichheid oan hawwe,
  • 0:56 - 0:59
    alhoewol't it tige aardich is.
  • 0:59 - 1:00
    Wy wurkje sa,
  • 1:00 - 1:04
    omdat wy tinke dat it sa it bêste is.
  • 1:04 - 1:06
    By ús geane prinsipes boppe winst.
  • 1:06 - 1:09
    Wy leauwe dat earlikheid boppe geheimhâlding stiet,
  • 1:09 - 1:12
    en de mienskip boppe bedriuwsresultaten.
  • 1:12 - 1:14
    Wy leauwe dat de minsken mear om it web jaan moatte
  • 1:14 - 1:15
    as om it eigendom,
  • 1:15 - 1:17
    mear in boarne om noed foar te stean
  • 1:17 - 1:19
    as inkeld mar in artikel om te ferkeapjen.
  • 1:19 - 1:21
    En wy leauwe foarfêst yn ynnovaasje
  • 1:21 - 1:25
    dy't brûkers foaroan, sintraal en gewoan efter it
    stjoer set.
  • 1:25 - 1:27
    Mar it belangrykste,
  • 1:27 - 1:29
    wy leauwe yn jo.
  • 1:29 - 1:32
    Wy leauwe dat de bêste browser fan 'e wrâld
    mooglik makke is
  • 1:32 - 1:33
    troch technisy, programmeurs,
  • 1:33 - 1:36
    ûntwerpers en minsken lykas jo,
  • 1:36 - 1:40
    dy't harren tiid, talint, enerzjy en stipe jouwe oan it doel.
  • 1:40 - 1:42
    En wy leauwe dat wy mei-inoar,
  • 1:42 - 1:43
    mei dit doel yn 'e holle,
  • 1:43 - 1:46
    trochgean kinne om te fernijen te'n goede
    fan elk minske
  • 1:46 - 1:48
    en foar ferbettering fan it web.
  • 1:48 - 1:50
    Sa dat it foar ivich en altyd
  • 1:50 - 1:51
    it grutte doel tsjinnet.
  • 1:51 - 1:54
    Wy binne allegearre Mozilla Firefox.
  • 1:54 - 1:56
    Wy binne net allinnich in oar soarte fan browser.
  • 1:57 - 1:59
    Wy binne in browser dy't in ferskil makket.
Title:
Mozilla Firefox: A Different Kind of Browser
Video Language:
English
Duration:
02:02

Frisian subtitles

Revisions