Berlyn sûnder dy
Ast dat no earder sein hiest
soe ik miskyn oant it stasjon ta gean
myn jild opnimme, it paad ferjitte
Ast dat no dúdliker sein hiest
soe ik miskyn net as in metronoom reagearje
en soe ik it lûd fan dyn stim foar it earst hearre
Berlyn sûnder dy is in stêd sûnder harmony
in treurich sliepplak fan tal fan minsken
Berlyn sûnder dy lit my sûnder enerzjy
yn it treurige sliepplak fan tal fan minsken
Ast dat no earder sein hiest
soe ik miskyn oant it fleanfjild ta gean
om kaartsjes foar ús beide te keapjen
Ast dat no dúdliker sein hiest
soe ik miskyn sûnder dat fertriet libje
soe ik no dyn stim mei emoasje beharkje
Mar Berlyn sûnder dy is in stêd sûnder harmony
In treurich sliepplak fan tal fan minsken
Berlyn sûnder dy lit my sûnder enerzjy
yn it treurige sliepplak fan tal fan minsken
Foar my it fiersicht fan in treurich sliepplak fan tal fan minsken
In stedsgesicht, wurdt nea de stêd fan myn hertewinsk
Ast dat no earder sein hiest
wie ik miskyn yn dat doarp bleaun
en it is de muoite net om oan te jaan wêrom’t Peter fuortgie ...